Renovaasje swimbad Frjentsjer

19 feb 2004 - 00:00

Swimbad Bloemketerp yn Frjentsjer giet fan it simmer twa wike ticht. Dat is it gefolch fan de grutte renovaasje fan it swimbad. Dy renovaasje is tongersdei út ein set. Under oare de yngong en it hoarekapart wurde oanpast.

De besikers sille dêr net al te folle lêst fan ha. Yn it swimbad komme alle jierren 100.000 swimmers. De direksje fan Bloemketerp hopet nei de renovaasje 40.000 besikers ekstra te lûken. Der komt ek in nij bad foar pjutten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)