Renovaasje swimbad Bûtenpost

09 jun 2009 - 12:07

Swimbad de Kûpe yn Bûtenpost is foar in part de kommende simmer ticht fanwege grut ûnderhâld oan de flierren en de plafons. Dit is opmerklik, omdat it swimbad op de nominaasje stiet om ticht te gean. It 35 jier âlde swimbad is oer fiif jier ôfskreaun. Dochs stekt de gemeente Achtkarspelen in lytse ton yn de renovaasje fan dizze simmer.

It bad slút op 5 july de doarren en giet op 24 augustus wer iepen. Yn dy wike bestiet it bad 35 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)