Renovaasje sportfjild St Anne

28 des 2005 - 12:36

De gemeente It Bilt lûkt hast 50.000 euro út foar it opknappen fan it haadfjild fan fuotbalferiening Sint Anne. Doel is dat der fan it maityd noch mei de wurksumheden begûn wurdt.

By it begjin fan it nije fuotbalseizoen moat it fjild dan wer klear wêze. De gemeente hie al jild reservearre foar it grut ûnderhâld. Mei de fuotbalferiening wiene al ôfspraken makke oer it ûnderhâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)