Renovaasje Sint Jabik begûn

26 jun 2000 - 17:19

Yn Sint Jabik is moandei de renovaasje fan it gebiet om 'e Groate Kerk hinne út ein set. As it wurk oer in jier klear is binne de dykjes om 'e tsjerke hinne yn in grut plein feroare.

De Sint Jabuersters hawwe de opknapbeurt sels op tou setten. Hja wolle dêrmei it doarp op de kaart sette. Sint Jabik is it startplak fan 'e pilgerrûte nei Santiago de Compostella yn Spanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)