Renovaasje operaasjekeamers Tjongerskâns klear

20 feb 2015 - 17:49
  • Sikehûs Tjongerskâns It Hearrenfean

Sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean is klear mei de renovaasje fan seis operaasjekeamers. In jier lang is der hurd wurke oan it modernisearjen fan de keamers. Dat betsjut dat der in soad nije apparatuer by kaam is.

De wichtichste feroaring is de luchtbehannelingsynstallaasje, wêrmei't de lucht better skjin hâlden wurdt. Dêrneist wurdt der foars besparre op enerzjy. Neffens teamlieder sjirurgy, Edwin de Groot, wie dizze 'update' ek bot nedich. It sikehûs moat mei de tiid meigean en hieltyd yn ûntwikkeling bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)