Renovaasje keatsfjild Wommels

10 aug 2002 - 00:00

De Wommelser Keatsferiening wol it keatsfjild yngreven oanpakke om foar te kommen dat de Freulepartij op 'e nij oer twa dagen útsmard wurdt. Drainaazje en renovaasje binne needsaaklik.

De kosten fan 'e renovaasje wurde rûsd op 30 tûzen euro. Wêr't it jild weikomme moat is ûnwis. It bestjoer is fan doel om by de provinsje en de gemeente oan de belle te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)