Renovaasje haven Skier djoerder

28 jun 2006 - 10:06

De renovaasje fan de jachthaven fan Skiermûntseach pakt mear as oardel euroton djoerder út as earder begrutte. Dat waard tiisdeitejûn dúdlik op de gearkomste fan de gemeenterie fan Skiermûntseach.

De kosteraming is fan 2003 en sûnt dy tiid binne de prizen yn de boumerk bot omheech gien. Ek is der keazen foar in djoerdere ynrjochting fan de haven. De rie is úteinlik wol akkoart gien mei it útjaan fan mear jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)