Renovaasje foar goed hûndert huzen yn Dokkum

23 mrt 2015 - 11:37
  • Renovaasje foar goed hûndert huzen yn Dokkum

Yn de Dokkumer wyk Fonteinslanden wurde de kommende moannen 106 wenningen ferboud. Alle wiken krije acht huzen nije badkeamers, húskes, keukens en ruten. Ek de isolaasje wurdt oanpakt.

Wenningkorporaasje Thús Wonen hat in spesjale wenning yn de wyk ynrjochte foar minsken dy't tefolle oerlêst hawwe fan de ferbouwing. Sy kinne dêr ek dûse as se dat net bûten yn de spesjale dûs-units dwaan wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)