Renovaasje atletykbaan It Fean

10 jul 2014 - 12:32
  • Wethâlder Jelle Zoetendal en Sietse van der Mei fan de atletykferiening

De atletykbaan fan It Hearrenfean wurdt fernijd. De besteande baan is ferâldere en soarget foar problemen foar de sporters. Sa bliuwt it wetter op de baan stean en is de ûndergrûn net mear goed. Dat kin gefaarlik wêze. Fierders moat in atletykbaan oan easken foldwaan om wedstriden organisearje te meien.

De opknapbeurt kostet 4,5 ton. Dat wurdt foar it grutste part troch de gemeente Hearrenfean betelle. It wurk moat mids septimber klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)