Renovaasje âlde hierwenten op It Hearrenfean yn folle gong

22 des 2014 - 16:26

De renovaasje fan de 34 wenten oan de Compagnonsstrjitte en Van Dekemaleane op It Hearrenfean is yn folle gong. It giet om hierwenten út 1921, dy't doe troch de wenningboukorporaasje boud binne. De wyk moat bliuwe sa't er is, fanwege âlde details yn it mitselwurk.

De gevels wurde werom brocht yn de oarspronklike steat, mei blombakken oan de muorren en roeden yn de ruten. Fan binnen wurde de lytse wenten hielendal opknapt. De hier giet wol omheech. Miskien wolle dêrom mar tsien fan de 34 gesinnen werom komme.

Yn maaie binne de earste wenten klear. Jeroen Bakker fan wenningboukorporaasje Accolade ferwachtet dat der in soad animo is om yn de karakteristike wyk, flakby it sintrum, te wenjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)