Rengerspôle wurdt opknapt

21 apr 2006 - 09:52

Nei it simmerseizoen sil begûn wurde mei it ferbetterjen fan de Rengerspôle oan de westkant fan nasjonaal park De Alde Feanen by Earnewâld. De werynrjochting kostet 2,5 miljoen euro.

Sa moatte der bygelyks bettere foarsjennings komme foar boatsjes en komt der in boartersplak. Ek sil der in húske pleatst wurde en komt der in fûgelsjochhutte. Ein 2007 moatte de wurksumheden klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)