René van Kaam wint heale maraton

20 sep 2003 - 00:00

René_van_Kaam hat wer in hurdrinwedstriid op syn namme skreaun. De Marrumer wûn sneon de heale maraton fan Sint_Jabik en hie dêrfoar 1.19,28 nedich. Hy hie in foarsprong fan mar leafst 9,29 minút op Adrie_Boermans fan Wergea.

Karst_Anema fan Stiens waard tredde yn 1.31,47. De 15 kilometer waard wûn troch Ben_Boudjemaa út Ljouwert en Marcel_Hoekstra út Leek skreau de 10 kilometer op syn namme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)