René Hooghiemster wint Baronie

18 sep 2011 - 21:06
  • René Hooghiemster (argyffoto: awfoto.nl)
  • Lieuwe en René (argyffoto: awfoto.nl)

René Hooghiemster is snein winner wurden fan de Baronie Breda Classic. Nei 180 kilometer wie de Drachtster hurdfytser de rapste fan in fjouwer man sterke kopgroep. Jeroen Boelen waard twadde, Sierk Jan de Haan fan Dokkum tredde. De lêste 80 kilometer waard makke troch de kopgroep, dy't earst noch twa hurdfytsers mear telde.

Lieuwe Westra is yn de koarte tiidrit fan de Ronde fan Grut-Brittannië tredde wurden. Nei 8,8 km wie er fiif telle stadiger as de Brit Alex Dowsett.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)