René Anema foar 't lêst keatst

30 jul 2014 - 15:09
  • Drokte by de PC

René Anema hat woansdei by de PC yn Frjentsjer syn keatskarriêre ôfsletten sûnder priis. Mei syn partoermaten Haye-Jan Nicolay en Jan Schurer gong de Balkster yn de twadde omloop mei 5-2 en 6-6 ûnderút tsjin Jelte-Pieter Dijkstra, Hendrik-Jan van der Velde en Sjoerd de Jong. Yn de earste omloop soargen Anema en-dy foar in grutte ferrassing troch de PC-winners fan ferline jier, Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma, mei 5-4 en 6-0 nei hûs te stjoeren.

René Anema hat mei-inoar acht kear meidien oan de PC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)