René Ahlers wol mear tempo

24 maaie 2010 - 19:16

René Ahlers, fan juny ôf de nije direkteur fan de KNKB, wol mear tempo by keatswedstriden. In keatsdei fan 11.00 oere oant 18.00 oere fynt hy te lang. Ek hat hy muoite mei it fenomeen steand nûmer. Krekt as bûnscoach Tjalling van den Berg fynt hy dat it oars moat. Beslútfoarming hjiroer moat mei oerlis en soarchfâld dien wurde.

Ek fynt Ahlers dat it servicenivo by it keatsbûn omheech moat. Dat it kantoar mar trije moarntiden yn 'e wike iepen is, is net fan dizze tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)