Rendac stjonkt te folle

04 feb 2004 - 00:00

De provinsje driget Rendac yn Burgum in twangsom op te lizzen fanwege tefolle stankoerlêst. Rendac oftewol Sonac sa't it no hjit, ferwurket kadavers. Al jierren wurdt klage oer stankoerlêst. Deputearre Steaten wolle dat dit foar 1 maart oplost is.

Ut mjittings docht bliken dat de oer- lêst trije kear sa grut is as tastien. Dat soe komme troch de ferwurking fan bloed, fearren en hier. Sonac seit dat alles foar 1 maart regele is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)