Rendac rekkent net te folle

14 maaie 2003 - 00:00

De tariven dy't Rendac Burgum yn rekken bringt foar it opheljen en ferbrânen fan slachtôffal binnen net ûnreedlik heech, neffens de Raad van State.

De Centrale Organisatie voor de Vleesgroothandel hie in saak tsjin Rendac oanspand, om't slachthuzen gjin ynsjoch hawwe yn de kosten dy't it destruksjebedriuw makket. De fleisgruthannels tochten dat Rendac te folle rekkene, om't er as iennichste besmette kadavers ferneatiget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)