Rendac mei sneins net wurkje

21 aug 2002 - 00:00

De provinsje Fryslân wol destruksje- bedriuw Rendac yn Sumar boetes jaan omdat it bedriuw op snein trochwurket.

Neffens de fergunning dy't Rendac no hat, mei it bedriuw allinnich by hege útsûndering op snein kadavers ferwurkje. Rendac draait lykwols al in jier lang te faak yn de wykeinen gewoan troch. De provinsje hat Rendac no in twangsom oplein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)