Rendac kin bistemoal net kwyt

15 aug 2001 - 00:00

Destruksjebedriuw Rendac kin it bistemoal dat opslein leit yn Dokkum net hielendal fuorthelje. De Steatsrie hat bepaald dat de 15000 ton foar 20 septimber fuort wêze moat.

Rendac kin de ôffier net foar inoar krije om't der by baarnynstallaasjes yn Nederlân net genôch kapasiteit is. De provinsje hie op ôffier oantrúnd fanwege mooglik broeigefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)