Rendac hellet sneon kadavers op

30 jun 2006 - 08:56

Rendac by Burgum sil kommende sneon ek kadavers ophelje yn ferbân mei de ferwachte waarmte. Gewoanwei wurde deade bisten dy't freeds nei trije oere moarns oanmeld wurde, net earder as de moandeis ophelle.

De kadavers wurde fuortendaliks trochriden nei de Rendac yn it Brabantske Son. De ekstra ophelmaatregels jilde net foar lytse bisten lykas biggen en plomfee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)