Rendac hellet kadavers sneon op

27 maaie 2005 - 12:50

Kadavers fan bisten wurde dit wykein ophelle by de boer. Dat hat destruksjebedriuw Rendac besletten yn ferbân mei de te ferwachtsjen hege temperatueren.

Gewoanwei wurde kadavers dy't nei freedtemoarn trije oere melden wurde, pas de moandei dêrop ophelle. No sil dat sneon barre. De kadavers sille op de festiging fan Rendac yn Son ferneatige wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)