Rendac hellet bisten gauwer op

02 jul 2009 - 11:39

Kadaverferwurkjend bedriuw Rendac rydt it kommende wykein ekstra faak, om deade bisten flugger op te heljen. Dat wurdt dien fanwege de simmerske waarmte.

Ornaris wurde kadavers dy't freed nei twa oere oanmelden wurde, net earder as moandei ophelle. Mar fanwege it tige waarme waar, rydt Rendac no ek op sneon. Kadavers fan lytsfee lykas lammen en plomfee wurde wol op de gewoane tiid ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)