Rendac foarsjocht problemen

14 mrt 2001 - 00:00

Destruksjebedriuw Rendac yn Burgum kin it wurk net oan, as de tongblier útbrekt yn Nederlân. Mocht de sykte útbrekke dan sille sike bisten earst inte wurde en pas romme as Rendac se ferwurkje kin.

Yntusken binne der al 53 Nederlânske bedriuwen fûn dy't fee ynfierd ha út de streek yn Frankryk dêr't de sykte ûntdekt is. Fee fan dy buorkerijen wurdt preventyf romme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)