Rendac ferneatiget deade fee

27 feb 2001 - 14:32

It destruksjebedriuw Rendac yn Sumar sil it fee ferneatigje dat ôfmakke is fanwege mooglike besmetting mei tongblier. It lânbouministearje hat strikte regels opsteld om it risiko sa lyts mooglik te hâlden. De deade bisten wurde yn tichte konteners ferfierd.

Yn Fryslân binne noch gjin bedriuwen romme. De maatregels foar de Fryske boeren bliuwe út foarsoarch fan krêft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)