Renate wint TV-Talint

07 jun 2006 - 10:18

De 18-jierrige Renate Kuivenhoven út Grins (oarspronklik fan Warkum) hat tiisdeitejûn de finale fan it Omrop Fryslân-televyzjeprogramma TV-Talint wûn. Yn de finale bleau se de oare finalist Jan Sjoerd Veenstra fan Ljouwert mei in punt foar.

Renate Kuivenhoven wint de presintaasje fan in programma oer thúsfideo's. Dat nije programma wurdt yn novimber en desimber fan dit jier útstjoerd op Omrop Fryslân televyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)