Renaissance yn it Noarden los

04 apr 2012 - 15:43

Keunstmanifestaasje Renaissance yn it Noarden is snein 1 april fan start gien yn it Fries Natuurmuseum yn Ljouwert. Direkteur Tom Hageman fan de Klassieke Academie yn Grins timmere 30 stellings op 'e doar. Hy pleitet foar it op 'e nij wurdearjen fan it klassike ambacht yn de keunst. Der dogge 16 musea en galeryen yn Grinslân, Fryslân en Drinte mei en se eksposearje wurk fan de 'nije figurativen'. Yn K-rûte fan 11 april mear oer dit ûnderwerp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)