René van der Weij hâldt op

21 jan 2012 - 10:52

Fuotballer René van der Weij set in punt achter syn karriêre by Harkemase Boys. Oan 'e ein fan dit seizoen hâldt de 29-jierrige spiler dêr op.

Van der Weij spile trije jier bij de Boys, dêrfoar wie er proffuotballer bij Cambuur en Hearrenfean. Hy wol him no mear rjochtsje op syn maatskiplike karriêre en op syn oplieding ta trener.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)