Rempedaal kwyt: flinke skea

06 jan 2008 - 12:10

Op it parkearplak fan sikehûs De Tjongerschans op it Hearrenfean is freed flink wat skea ûntstien, doe't in âlde man (78) út Tytsjerk him fersinde mei de rem- en gaspedaal yn syn auto.

Mei-elkoar 6 auto's rekken fernield. Ek de auto fan de man sels rûn skea op. De man koe net sizze hoe't it koe dat hy it gaspedaal yndrukte, yn stee fan syn rempedaal. De plysje hat doe syn riidbewiis ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)