Remkes:feiligens ferkiezingstema

19 apr 2005 - 06:29

As it oan minister Remkes fan binnenlânske saken leit, is 'feiligens' it tema fan de VVD by de gemeenterieds- ferkiezings fan 2006. De minister wie moandei te gast by it moarnsbrochje fan de VVD Smellingerlân.

Ek de nije kandidaats-riedsleden presintearren har oan it Drachtster bedriuwslibben. De nije kandidaten hawwe har oanmeld nei in advertinsje fan de VVD-ôfdieling. Dy tinkt dat se it tal sitten ferdûbelje kinne nei seis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)