Remize stoomtrein te sjen

23 apr 2011 - 16:17

Yn Snits wie sneon de nije remize fan de Friese Stoom Maatschappij foar it earst te besjen. Fan july ôf is der plak foar trije lokomotiven en seis wagons. De eigen treintsjinst sil boppedat út de remize wei de treinen oanstjoere.

It publyk mei de namme fan it nije ûnderkommen fan de Stoom Maatschappij betinke. Hûnderten belangstellenden beseagen de loads dêr'tr de stoomtrein yn komt te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)