Remise Sipke Ernst tsjin Lahno

22 jan 2004 - 00:00

De Fryske skaker Sipke Ernst hat yn it Corus skaaktoernoai yn Wijk aan Zee remise spile tsjin de Ukraynske frouljus-grutmaster Kateryna Lahno. Hy bliuwt dêrmei op it earste plak stean, mei 8 punten út 10 partijen. Mar Ernst waard lykwols byhelle troch Magnus Carlsen, it 13-jierrige wûnderbern út Noarwegen, dy't syn partij wûn.

Sneon wurdt dúdlik wa't de grutmastergroep C wint, want dan spilet Ernst mei swart tsjin Carlsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)