Remise foar Ernst en Visser

15 mrt 2004 - 00:00

Sipke Ernst fan Damwâld en Yge Visser fan Haren - earder fan Snits - meitsje noch kâns op de finale fan it NK Skaken. Yn 'e lêste ronde fan 'e heale finales yn it gebou fan Wetterskip Fryslân spilen beide Friezen remise. Ernst tsjin De Vreugt en Visser tsjin L'Ami. De tredde Fries Babak Tondivar ferlear syn partij fan Van den Doel.

Tiisdei spylje de Friezen de return fan 'e partij fan moandei. It NK is fan 29 juny oant 9 july yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)