Remco Oost wint Molenloop

21 nov 2004 - 15:12

De Molenloop, mei start en finisj yn Froubuert, is sneon wûn troch Remco Oost. De atleet út it Grinzer Kantens kaam nei 1.21,52 oer de einstreek. Hy wie yn de slotfaze fuortrûn fan de Ljouwerter Henk Hoeman, dy't seis tellen letter binnenkaam.

Saco Hemstra út Weidum ferlear 1 minút en 12 sekonden op de winner. Op de 10 kilometer wiene Jappie Doller út Appelskea en Jacintha Fancel út Ljouwerter de winners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)