Rembrandt 400 op it Bildt

13 jan 2006 - 12:17

De gemeente it Bildt wol it houlik fan Rembrandt en Saskia, dy't yn 1634 trouden yn Sint Anne, dit jier betinke mei in houliksfestijn.

Der binne yn Nederlân ferskillende aktiviteiten om't it Rembrandt syn 400ste bertejier is. De measte aktiviteiten wurde halden yn Amsterdam en Leiden. De belangrykste dei út it libben fan Rembrandt wie lykwols yn Fryslân, syn houlik mei Saskia Uylenburch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)