Relysjuery freget om mear humor

06 okt 2004 - 14:11

De sjuery fan 'e Rely Jorritsmapriis soe wol graach wat mear relativearring, literêre technyk en humor sjen wolle by de ferhalen en fersen oer grutte tema's as de dea, it leauwen en de leafde. Dat sei de sjuery sneon by de fyftichste útrikking fan 'e Rely Jorritsmapriis yn Mantgum.

Fanwege it jubileum wie de Rely Jorritsmapriis dit jier oars as oars. Sa wie der ek in wedstriid foar jongerein en in útstalling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)