Rely-priis útrikt

06 okt 2001 - 00:00

Foppe Venema hat sneon yn de tsjerke yn Bears de Rely Jorritsma priis krigen. De sjuery hie út de ynstjoerde Fryske ferhalen en fersen inkeld syn fers Aldfaars erfrûte bekroand mei in priis.

De winner komt fan Ousterhaule, mar wennet al jierren yn Frankryk. Yn 1998 wûn er ek al in Rely-priis mei in gedicht. It winnende fers en it sjueryrapport wurde yn tydskrift Hjir publisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)