Rely Jorritsma priisfraach

03 feb 2004 - 00:00

De Rely Jorritsmapriisfraach bestiet dit jier fyftich jier. Yn 1954 kaam de earste oprop om in oarspronklik Frysk gedicht of koart ferhaal yn te tjoeren. Ek dit jier kinne debutanten en betûfte skriuwers wer anonym wurk ynstjoere. Oan prizejild is mei elkoar 5000 euro beskikber.

De sjuery wurdt dit jier foarme troch Tsead Bruinja, Mirjam Vellinga en Jelle van der Meulen. De bydrage moat foar 1 maaie 2004 binnen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)