Rely Jorritsma-priis rint wer

05 feb 2009 - 09:50

De kommende moannen kinne wer ferhalen en gedichten ynstjoerd wurde foar de Rely Jorritsma-priis. Dat is in priis dy´t alle jierren útrikt wurdt foar it moaiste nije Frysktalige gedicht of koarte ferhaal.

De priis is neamd nei de yn 1952 ferstoarne Rely_Jorritsma, dy´t yn syn testamint jild beskikber stelde foar it befoarderjen fan Frysktalige literatuer. Neist in priis foar folwoeksen skriuwers is der ek in priis foar skriuwende jongeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)