Relskoppers wurde royeard

04 jun 2009 - 19:50

Supportersferiening Kern van Cambuur royeart leden dy't woansdeitenacht belutsen wiene by de rellen, nei ôfrin fan de wedstryd tsjin Roda JC. Se meie ek net mear yn it supportershome komme.

Neffens de Kern fan Cambuur ha se de klup en it fuotbaljen in minne namme besoarge. En it giet ek ten koste fan it entûsjasme fan de frijwilligers dy't har ynsette foar de klup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)