Relskoppers wurde foarlaat

05 jun 2009 - 11:36

De trettjin relskoppers dy't ôfrûne woansdeitejûn oppakt binne nei de wedstriid Cambuur-Roda JC wurde freedtemiddei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy bepaalt dan oft se noch langer fêstsitten bliuwe.

De trettjin sieten by in groep fan sa'n 200 minsken dy't nei it ferlies fan Cambuur by it stadion mei stiennen begûnen te smiten. Dêrtroch rekken 19 plysjeminsken ferwûne. De trettjin komme allegearre út Ljouwert en binne tusken de 17 en 28 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)