Rellen op It Hearrenfean

14 feb 2010 - 00:57
  • De ME moast sneontejûn yn aksje komme yn it sintrum fan It Hearrenfean

Yn it sintrum fan It Hearrenfean hat it foar en nei de wedstriid Hearrenfean-Ajax ûnrêstich west. Der binne mei-inoar fiif minsken oanhâlden.

Foar de wedstriid socht in groep Feansters Ajaxiden op dy't ek yn it sintrum wiene. Nei de wedstriid wie it benammen ûnrêstich op de Koemarkt, dêr't de mobile ienheid inkelde sjarzjes útfierde om de twa supportersgroepen útinoar te hâlden. Nei dizze aksje bleau it rêstich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)