Rel om Johannes Kramer hinne

14 mrt 2003 - 00:00

Trije dagen nei de grutte ferkiezingswinst is FNP-lieder Johannes Kramer yn opspraak rekke. Neffens it deiblêd Trouw soe Kramer sein hawwe: "Onze bevolking is overwegend blank en dat vinden we wel prettig."

Kramer ûntkent lykwols dat er dy útspraak sa dien hat. Wol hat er sein dat Fryslân gjin ferlet hat fan 'e problemen fan 'e Rânestêd. Op it provinsjehûs is freed in itentsje fan steateleden mei allochtoanen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)