Rel oer ferkeap CD Twarres

10 jul 2001 - 00:00

It optreden fan Twarres yn de Ljouwerter Mediamarkt luts tiisdei hûnderten fans. De winkel ferkeapet de CD fan it Wergeaster duo foar de helte fan 'e priis.

De Ljouwerter platesaak By de Put is no lulk en hat út protest alle eksimplaren fan 'Stream' weromstjoerd nei de platemaatskippij. Twarres is ferlegen mei de sitewaasje. De CD 'Stream' stiet yntusken op nûmer 2 yn de CD top-100.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)