Rektor skorst nei jild tekoart

11 sep 2014 - 15:12

Yn Grins is rektor Henk Tameling fan it Zernike College skorst fanwege finansjele tekoarten. Tameling wie fan 2008 oant 2011 noch rektor fan Piter Jelles Montessori yn Ljouwert. Hy wie earder ek direkteur fan de Waadferiening yn Harns.

It bestjoer fan it Zernike College hat der gjin fertrouwen yn dat Tameling de finansjele problemen fan dy skoalle oplosse kin. De skoalle draait elts skoaljier mei in ferlies fan 5 ton. By it Zernike College yn Grins, Haren en Súdlaren moat no mei-inoar 1,8 miljoen euro besunige wurde.

Tameling hat it ôfrûne skoaljier al oan it besunigjen west, mar dat hat neffens it bestjoer net genôch holpen. De besunigings soargen wol foar in soad ûnrêst op it Zernike College.

It bestjoer neamt de skorsing 'ferfelend' foar Tameling, mar seit dêrby dat de kontinuïteit fan it ûnderwiis en it belang fan de learlingen foarop stean. It Zernike College is mei 3600 learlingen op sân lokaasjes fierwei de grutste skoalle fan de stêd Grins.

Tameling wol sels net op de saak yngean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)