Rektifikaasje Privé oer prins

22 jan 2010 - 11:43

It blêd Privé sil nije wike it ferhaal rektifisearje dat Willem-Alexander yn 1986 de Alvestêdetocht mar diels riden hawwe soe. Dat seit de RVD. Haadredakteur Evert Santegoeds wol allinnich sizze dat der in konstruktyf gesprek mei de RVD west hat.

It wykblêd komt dizze wike mei it ferhaal dat de prins, dy't meidie as W.A. van Buren, pas nei Frjentsjer op it iis kaam en dat er lutsen en treaun waard. Privé basearre him op in berjocht fan Lutzen Haak út Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)