Rekreaasjeplan Swarte Haan

31 aug 2008 - 08:44

Der komme mooglik rekreaasjewenten by Swarte Haan. It giet om in idee fan boargemaster en wethâlders fan it Bilt. Dy binne dwaande in plan te meitsjen foar de ynrjochting fan in gemeentlik stik grûn by Swarte Haan.

Neffens boargemaster en wethâlders soenen der by it buertskip oan de seedyk neist oernachtingsmooglikheden ek mooglikheden foar deirekreaasje komme moatte. Der wurdt dan ûnder oare tocht oan boartersfoarsjennings en in kuierpaad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)