Rekreaasjegebiet foar Wolvegea

21 jun 2008 - 12:18
  • Boargemaster en Gea-baas yn konklaaf

Ynwenners fan Wolvegea kinne tenei swimme, kuierje en fytse yn in nij natuergebiet oan de súdkant fan it doarp. It giet om it de Lindepolder: in gebiet fan 28 bunder grut.

Freed is it offisjeel iepene. It gebiet foarmet in buffer tusken it besteande natuergebiet 'de Lendevallei' en de nije wenwyk by Wolvegea. Der is in swimfiver makke. Fierder is der in muorre dêr't swellen briede kinne en by de A32 is in heuvel makke dy't tsjinje kin as útsjochpunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)