Rekreaasjefargeulen op Iselmar en Waadsee

21 mrt 2016 - 16:07

Rykswettersteat leit de kommende wike wer rekreaasjefargeulen (soalen) oan yn de Iselmar en op de Waadsee. Dy binne ornearre foar de lytsere rekreaasjeskippen. Dy binne faak minder goed te sjen fan in grut skip ôf en dêrom is it net handich as se deselde rûte befarre. De aparte soalen komme neist de grutte farwegen en wurde markeard mei boeien.

Boatsjeminsken binne net ferplichte om gebrûk te meitsjen fan de spesjale fargeulen, mar neffens Rykswettersteat is it wol sa ferstannich om dat wol te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)