Rekreaasje net sûnder natoer

19 apr 2007 - 23:53

De plannen foar mear rekreative foarsjennings by de Driewegslûs by Nijetrine kinne allinich at der ek garânsjes binne foar ferbettering fan de natoer yn it gebiet. It giet bygelyks om in wiete ferbining tusken natoergebiet de Rottige Meenthe en de Wieden en Weerribben yn Oerisel.

Dat waard dúdlik op in drokbesochte diskusjejûn oer de plannen by de slûs. Dêrby giet it ûnder oare om bungalows, mar ek om natoerûntwikkeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)