Rekreaasje lêst fan de kjeld

22 mrt 2013 - 16:48
  • Peaske-aaien

Fryske rekreaasjeparken, kempings en boatferhierders hawwe lêst fan de kjeld. De boekings bliuwe op dit stuit achter by oare jierren. Foar de peaske binne der sa'n in tredde minder húskes en boaten ferhierd.

Troch de lege temperatueren bliuwe benammen de last-minute-boekings achter. By Villapark Langwar is op dit stuit noch mar de helte fan de huzen fêstlein foar de peaskedagen, wylst dat oare jierren goed 90 persint is.

De kemping soe eins dit wykein wer iepen, mar fanwege de kjeld bliuwt er ticht. De middenstân by de fakânsjeparken rint ek in soad omset mis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)